Wêr binne jo:  Heit en Mem  | Rougedichtsjes bern  |    Wat sykje op Heit en Mem?
 








Heeft u zelf nog een mooi rouwgedichtje die u met ons wilt delen? Of wilt u gratis een rouwtekst op het Fries na laten kijken? Mail dan naar ynfo@heitenmem.nl

Underweis nei moarn,
droegen troch de wyn
op lytse teare wjukken
eltse dei in stikje fierder
eltse oere
in stil momint
oant de jûn fallen is
en de moarn
net mear komt...



Lekker koese...



Njoggen moanne byinoar,
do wiest ús ljocht yn tsjustere dagen.
No is it tsjuster,
dyn ljocht is dôve,
en litte wy dy gean.



Leafde is loslitte.

 

Hoe kin ik dy ea ferjitte
wêr't ik ek bin, ik hear dyn stim.
De hiele wrâld dy mei wol witte
dat ik yntins fertrietich bin.



ferflein as in flinter yn ‘e loft
fljocht se no har eigen flecht.



Soms falt der
in ingeltsje op ierde,
sa prachtich, sa suver, sa lyts,
soms falt der
in ingeltsje op ierde
wat prachtich dat dit ingeltsje
ús libben sierde.



Hoe grut is de himel,
kinsto hearre wat ik sis?
Kinsto my noch sjen,
fielst dat ik dy mis?
Binne reindripkes de trientsjes
dyst op de ierde falle litst,
en skynt de sinne op ús ierde
ast bliid en lokkich bist?
Wit dat ik dy net ferjit,
wit dat ik dy mis
en wit dat ik ea by dy kom
as it myn tiid ek is. 

Do wiest as in flinter,
sa kwetsber, sa tear.
Leave ...,
do bist der net mear.



Sjoch ek:
dichterbijmij.jouwpagina.nl
inmemoriam.jouwpagina.nl

  De sinne giet ûnder,
mar net út.
Sa silsto ek by ús bliuwe.



Leaf lyts famke/jonkje
njoggen moanne by mem
Wy koenen net wachtsje
om dy te sjen.


Suske/broerke fan ...
Dochter/soan fan ús,
it hie sa moai west
do by ús thús.

It mocht net sa wêze,
no bist der net mear.
Lyts leaf jonkje/famke,
it docht sa sear.

Wêrsto ek bist,
wy hâlde fan dy.
Mar do giest no
dyn eigen wei.



Gjin wurd omskriuwt ús fertriet,
gjin wurd omskriuwt ús pine.
Leechte, gemis en drôvenis,
hoe sil dat ea ferdwine.



No'tsto heger bist,
as de blauwe loften
en no'tsto earne bist
tusken de stjerkes fan goud,
wit dat wy dy nea ferjitte
en dat de wrâld om dy jout.



Wêrom sille wy nea witte,
mar wy sille dy nea ferjitte.



Flean lytse fûgel
boppe de wite wolken
do bliuwst yn ús hert.



Flip flap flinterke,
dûnset yn 'e loft,
tutet alle blomkes,
rêst dan wer in skoft.

As in ingeltsje, sa leaf en tear
sa waardsto by ús brocht.
No slachsto dyn wjukken út
en giest werom nei ’t ljocht.

No’t ik dea bin, gûl mar net.
Ik bin net echt dea, want witst,
ik bin pas net mear yn libben
asto my ferjitten bist.

Dyn libben einige,
dêr't it hast begûn.
Hiel even mochten wy dy oansjen,
hiel even mochten wy dy fêsthâlde.
En doe...
doe moasten wy dy gean litte.


Omheech

Reacties op dit artikel:
Er zijn nog geen reacties op dit artikel
Zelf reageren:
Naam
E-mailadres


Aly en Rients verloren hun zoontje
Er is niets ergers dan je kind verliezen. Aly en Rients van Joolen uit Leeuwarden weten er alles van. ‘Toch hebben we de periode rond zijn dood niet als één groot drama ervaren. Thymen heeft ons bewuster gemaakt van het feit dat het leven kostbaar is. We genieten nu meer van het hier en nu.’
Lees verder >

  
Fergees!
It Heit en Mem tydskrift is fan 30 augustus ôf te krijen yn hiel Fryslân.  Sjoch hjir foar de list mei ôfhel-adressen. Wennest net yn Fryslân? Nim dan in abonnemint!
Yn Fryslân wurde gemiddeld 20 poppen deis berne.
Lêste reaksjes op artikels

De befalling fan Marja
wat een schat lês fierder >

Bernepraatsjes
Jurre (3jier) sit yn'e kring op skoalle en fertelt an Juf Thea dat hij een ungelokje hie op bed ( hi lês fierder >

Dizze webside is in inisjatyf fan de Afûk en is mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.