Wêr binne jo:  Heit en Mem  | Relaasje  | Falentynkadootsje?   Wat sykje op Heit en Mem?
 
Falentynkadootsje?
De dei fan de leafde
Leaf hawwe is foar leaf nimme
elkoars lekken en brekken;
in net wier makke wurd
oersljochtsje mei in knypeach
Want allinnich sa en net oars
sil jim leafde bestean.

Binne jimme noch mar krekt byelkoar of al jierren troud?
Dogge jim eins ek oan Falentyn?
Jousto dyn partner in moai bosk roazen? Of dochs leaver in moai boek of in moaie earmbân?
Reagearje en fertel it ús!

Om al wat yn de sfear te kommen, hjir in pear skattige Fryske berneboekjes oer de leafde.

  Lyske siket de leafde
In alderaardichst boekje oer twa mûskes dy’t de leafde sykje.
Mar... dy hoechsto net te sykjen. Dy fynt DY. En as dy der is, sjochst dy mei dyn hert.
By de Afûk: € 8,90
  Omdat ik sa wiis mei dy bin
Mini-edysje
Lytse iisbear Ysbrand wit al in hiel soad: wêr't de lekkerste fisken swimme, hoe't in snieflokje smakket, dat de wyn dy aaie kin en bite, wannear't de sinne en de moanne oan de himel steane. Hy wit ek hoe fier as er by syn mem wei gean kin sûnder dat it gefaarlik wurdt. Mar der binne ek dingen dy't Ysbrand noch net hielendal snapt, mar it antwurd op de alderbelangrykste fraach wit er wol...
In leafdefol boek oer de relaasje tusken mem en bern.
By de Afûk: € 5,90
   
In bytsje oandacht
In boekje foar elkenien dy't it goed mient mei in oar en dat ek sjen litte wol. Want elkenien hat in bytsje oandacht nedich....
By de Afûk: € 3,90
  Krij ik in tútsje fan dy?
It hûntsje Foppe giet der betiid op út. Der is wat dat hy hiel graach witte wol. De einen, it hynder, de baarch, de hazze en de flinter -  se helpe him allegearre.
Mar it antwurd fynt Foppe as er wer thúskomt.
By de Afûk: € 12,95
   



Omheech

Reacties op dit artikel:
Trynke:
Ik wit noch net wat ik dwaan of jaan sil mar ik fyn it wol leuk om der efkes by stil te stean! Falentyn, je troudei of ferkeringsdei binne fan dy dagen dy je der oan herinnerje, mei wat ekstra oandacht stil te stean by dejinge wêr't je fan hâlde.
Op 01-02-2010 om 15:06 uur.
 
Maria:
We gean elk jier run Falentyn in wykeintsje of in pear dagen fuort. Mar dat is ek mear om even tegearre fuort te wezen en net sa sear spesjaal om dy datum.
Op 28-01-2010 om 20:13 uur.
 
Gerbrich:
Ik keapje elk jier in lyts kadootsje foar myn man. Gewoan om him witte te litten hoefolle at ik fan him hâld!
Op 28-01-2010 om 11:06 uur.
 
Zelf reageren:
Naam
E-mailadres


Beppe, fertel!
Watfoar boartersguod hie beppe? Wa wie beppe har grutte leafde en wat makket beppe gelokkich? In boekje fol fragen foar beppe en in moai oantinken foar de beppesizzers.
Besjoch it boekje >

Houliksgedichten
Ben je op zoek naar een Fries gedicht over het huwelijk en de liefde? Heit en Mem heeft een aantal gedichten voor je verzameld.
Nei de houliksgedichten >

Een donor is geen vader
’Een donor is iemand die zijn zaadjes niet meer nodig heeft. Hij brengt ze naar het ziekenhuis en daar komen vrouwen die geen kinderen kunnen krijgen of niet met een man willen. En dan stoppen ze die zaadjes bij die vrouw en zo krijgt die dan een kind.’ Dat vertelt Roelof van der Zwaag aan andere leeftijdsgenootjes die hem vragen hoe dat nou zit bij hem thuis.
Want Roelof en zijn grote zus Martine hebben twee moeders >

Een relatie, kinderen, maar dan...?
Als je kinderen hebt, komt er bij een relatie veel meer kijken dan liefde voor elkaar. Want kinderen eisen dag en nacht aandacht op en stellen je relatie flink op de proef. Tijd en aandacht voor je partner zijn echt nodig om op dezelfde golflengte te blijven. Voor Vera en André Brink was een weekendje Texel aanleiding om een belangrijke stap te nemen.
Lees verder ... >

  Jousto dyn partner wat mei Falentynsdei?
  Ja, fansels!
  Nee hear, dêr dogge wy net oan.
  Dat wit ik noch net...

  
Fergees!
It Heit en Mem tydskrift is fan 30 augustus ôf te krijen yn hiel Fryslân.  Sjoch hjir foar de list mei ôfhel-adressen. Wennest net yn Fryslân? Nim dan in abonnemint!
De populêrste Fryske famkesnammen yn 2009 wienen û.o. Sanne, Femke, Anna, Fenna en Meike.
Lêste reaksjes op artikels

Bernepraatsjes
Wij ha 26 july us 3e dochter kriggen en at we oan it iten binne (2e dei) seit Maaike (krekt 6) As se lês fierder >

De befalling fan Louise
Hoi! Wat mooi; een gezonde zoon! Prachtig hoor! Geniet er maar lekker van. Groetjes, Lydia Fo lês fierder >

Dizze webside is in inisjatyf fan de Afûk en is mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.