|
|
| |
Kleurplaten wedstriid
Download de Stipkleurplaat en win!
Stip hat syn jierdei! En dêrom is it feest!  Download de Stip-kleurplaat, kleurje him yn en leverje him foar 19 july yn by de Fryske boek- en taalwinkel fan de Afûk! 1e priis: REUZE STIPKNUFFEL en in boek fan Stip!2e priis: Stip boekepakket grut 3e priis: Stip boekepakket lyts Ast dyn kleurplaat by de Afûk ynleverst krijst ek noch fergees in Tomke-stikkerfel! Klik op it plaatsje mei Stip om de Stip-kleurplaat
te downloaden.  It Tomke fakânsjeboekYn de fakânsje kinst swimme, nei de bistetún en iisko's ite. Dèr giet it dan ek allegear oer yn it Tomke fakânsjeboek, dat hielendal fol stiet mei spultsjes, ferhalen, ferskes en kleurplaten. Alle freonen fan Tomke komst tsjin: Romke, Kornelia, Yana Yu en Tomke fansels ek! Bern ha genôch te dwaan mei dit boek. It Tomke fakânsjeboek is foar bern fan twa jier ôf en foar € 2,50 hjir te bestellen.
Omheech
Reacties op dit artikel:
Gerbrich: Ik ha de kleurplaat útprinten! Us Jens is gek op Stip. Hy soe wol san moaie grutte Stip ha wolle! Op 19-05-2010 om 16:00 uur. | | |
|
|
 |
|
Bern en Iten Fotowedstriid
HeitenMem.nl wie op syk nei grutte lytse griemers. De foto's mei de measte stimmen komme yn it augustusnûmer 2010 fan Heit en Mem. Nei de fotowedstriid >
Spultsjes!
Mei jim bûkemantsje of jongedochter op'e skurte efter de kompûter? Dat kin no mei dizze cd-rom, spesjaal makke foar de alderlytsten. By it oanreitsjen fan elke toets feroaret der wat op it skerm. Ynienen komt Hessel de slak út syn húske, falle bern yn 'e snie of sjogge jim in flinter troch de loft fladderjen. In spultsje dwaan? >
Mei twa jier achter de pc?
Der binne tsjinwurdich hiel wat kompjûterspultsjes foar bern. Ek al foar beukers en pjutten, of noch lytser. Mar bern wurde hjoed de dei ek hieltyd dikker en de oanwêzigens fan kompjûter (èn televyzje) spylje dêrby absolút in rol. Fansels binne beide media net mear wei te tinken út ús maatskippij en dat hoecht ek net. Mar is it wol wiis om ek dy lytse bern al achter de kompjûter te setten? Lês fierder >
Hop Hop Hynke
Bewegingsferskes, knibbeldeuntsjes, rymkes oer bisten of rymkes foar it sliepen gean.
Yn dit boekje fine jo in samling fan nostalgyske en moderne bernerymkes om mei jo (berns)bern fan te genietsjen. Besjoch it boekje >
Bernepraatsjes
Silke (3) wurdt ferteld dat der in baby yn de búk fan tante Hannie sit. ‘O,’ seit Silke, ‘krekt as by dy ko dy’t in kealtsje krige.’ ‘Ja, krekt sa’, seit mem. ‘O, mar dat is maklik’, fynt Silke. ‘Toutsjes der om en lûke!’
Hat jim bern ek fan dat útsûnderlike leuke bernepraat? Lit it ús witte!
Besjoch hjir de leukste útspraken >
 |
|
Krijgt uw kind dagelijks snoep?
|
|
|
 |
|
 |
|
|
De populêrste Fryske famkesnammen yn 2009 wienen û.o. Sanne, Femke, Anna, Fenna en Meike.
|
Lêste reaksjes op artikels
BernepraatsjesWij ha 26 july us 3e dochter kriggen en at we oan it iten binne (2e dei) seit Maaike (krekt 6) As se lês fierder >De befalling fan LouiseHoi!
Wat mooi; een gezonde zoon! Prachtig hoor! Geniet er maar lekker van.
Groetjes, Lydia
Fo lês fierder >
|
|
Dizze webside is in inisjatyf fan de Afûk en is mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.