Zwangerschapskalender Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?
Hier dé handige zwangerschapskalender over de baby en voor mem én heit!
Wil je graag de zwangerschapskalender met handige weetjes, tips of linkjes aanvullen? Stuur dan een mailtje naar ynfo@heitenmem.nl
1
Blêder troch de wiken of...
Heit en mem
Poppe
De oansteande mem har lêste menstruaasje hat krekt west. By de
berekkening fan de bertedatum wurdt útgien fan de earste dei fan har
lêste menstruaasje. By dy dei telst fjirtich wiken op en dan hast de
útrekkene datum. Echt yn ferwachting bist dus noch net, mar dochs telt
dizze wike al wol mei. Mem docht der ferstannich oan dat se foaliumsoer
ynnimt. Foaliumsoer makket de kâns lytser dat de poppe mei in iepen
rechje berne wurdt. Fierder fansels sûn ite en ast smookst, der gau mei
ophâlde!
It is somtiden net altyd like maklik om de juste wurden te finen foar op in bertekaartsje. Heit en Mem helpt jim in bytsje, troch in oantal bertekaartsjes online te setten. Besjoch de Fryske bertekaartsjes >
Fryske berteflachjes en ballonnen
As jimme krekt in berntsje krigen ha, is it toch geweldich as der Fryske flachjes en ballonnen hingje mei 'Hoera, in jonkje!' of 'Hoera, in famke!' En ast ús in foto fan jim fersierde hús tastjoerst, krijst fergees in Tomkepin tastjoerd! Besjoch hjir de flachjes en ballonnen... >
It taaltaske
It taaltaske is in taalkadootsje fan de provinsje Fryslân foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte. It projekt hat ta doel jonge âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder. Lês fierder >
Houd jij de groei en ontwikkeling van je nog ongeboren kind bij?