
Al 75 jier hellet Moeders voor Moeders urine op fan froulju dy’t yn ferwachting binne. Yn urine fan swangere froulju sit nammentlik it hCG-hormoan dêr’t men genêsmiddels fan makket dy’t oare stellen helpe kinne om yn ferwachting te reitsjen. Ien op de seis stellen hat te krijen mei fruchtberheidsproblemen. Der is dus in soad fraach nei medisinen dy’t it hCG-hormoan befetsje. Mar foar in pear gram hCG-hormoan binne miljoenen liters urine nedich.
Fan it momint ôf datst witst datst yn ferwachting bist oant en mei de 11e wike fan dyn swierwêzen kinst dy oanmelde by ‘Moeders voor Moeders’. Seppie Drost fan Drachten is ynformatrise by ‘Moeders voor Moeders’. ‘Wannear’t de oansteande memmen har telefoanysk of fia de webside oanmeld ha, kom ik altyd persoanlik by harren thús. Ik lis dan út hoe’t alles yn syn wurk giet en wy dogge altyd noch in test om te sjen oft de oansteande mem al genôch hCG-hormoan oanmakke hat. Dat giet krekt as in kreamtest. Fierder moat de oansteande mem noch in medyske fragelist ynfolje. Dan kin fan de 6e oant de 16e wike de urine ophelle wurde.’
Moeders voor Moeders yn Fryslân‘Moeders voor Moeders’ komt no ek wer yn Fryslân. In skoftlang ha se hjir net aktyf west om’t de urine hielendal nei in fabryk yn Oss moat,mar no’t der wer in tekoart oan urine is mei it hCG-hormoan, binne en bliuwe se ek yn Fryslân. ‘De wurkwize is wol wat feroare’, fertelt Seppie. ‘Foarhinne kaam der altyd in buske by dyn hûs del om it krat mei flessen op te heljen. Mar om’t de hiele buert dan al gau yn de gaten hie datst yn ferwachting wiest, kinne de oansteande memmen no sels it krat by in sammelplak bringe. Dy sammelplakken binne op meardere plakken yn Burgum, Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean, Frjentsjer, Harns, Snits en Boalsert. Froulju bringe it krat faak del op de rûte nei it wurk.’
Pisje op in potsjeBrenda Peterson-Stienstra fan Drachten hat krekt meidien oan ‘Moeders voor Moeders’. ‘Ik bin mei seis wike begûn mei it pisjen op in potsje. Dat moast yn it begjin wol wenne fansels. Ik ha wurk oan hûs, dat ik koe al myn urine bewarje. Froulju dy’t wol nei har wurk moatte, kinne gewoan har urine bewarje at se wol thús binne. Do krijst in handige opfangkanne dêr’tst yn pisje kinst. Dat kinst dan wer oerjitte yn in flesse. Dy flessen rûke wol in bytsje troch it konservearingsmiddel wat der yn sit. Sommige froulju litte dan it oerjitten ek oan har man oer.’ Wannear’t it krat mei de flessen urine swier wie, wie Brenda altyd tige grutsk. ‘In swier krat, betsjut in fol krat dêr’t jo dan wer in hiel soad minsken mei helpe kinne.’
GelokFoar Brenda is it fanselssprekkend om mei te dwaan oan ‘Moeders voor Moeders’. ‘Do bist sa gelokkich ast yn ferwachting bist, en ast dan de kâns krijst troch soks simpels om dat gelok oan oaren troch te jaan, dan spielst sa wat kostbers dochs net troch de wc?
Hast noch fragen oer ‘Moeders voor Moeders’? Belje dan 0800-0228070 of sjoch op
www.moedersvoormoeders.nl.
Ast dy oanmeldst krijst in aardichheidsje!
Omheech
Reacties op dit artikel:
Tiny: Ik fyn it in super initiatief! Op 05-02-2010 om 8:54 uur. |
| |