Wêr binne jo:  Oer heit en mem  | Stout!   Wat sykje op Heit en Mem?
 
Stout!

Sûnder alle Heiten en Memmen yn Fryslân gjin Heit en Mem-tydkskrift!
Dêrom fine wy it moai as jim meiwurkje wolle!

  Dyn moaiste boek
Hasto of hat dyn bern in moaiste boek? In boek wêr't jimme mar net genôch fan krije?
Stjoer dan in mailtsje mei in foto fan jim mei it boek nei ynfo@heitenmem.nl.
   
   
  Freonskip
Foar it folgjende Heit en Mem tydskrift binne wy op syk nei bêste freonen. Hat dyn dochter in freondintsje mei wa't se alles dielt? Binne dyn soan en buorfamke twa hânnen op ien búk? Of is dyn soan net by de hûn wei te slaan? Upload hjir gau in moaie foto. De foto's mei de measte stimmen komme yn it tydskrift Heit en Mem. Mar de redaksje siket sels ek noch in moaiste foto út. Sy winne dan in fotoshoot en komme op de cover fan it tydskrift Heit en Mem!


   
  Stout!
Je kind luistert niet of heeft iets gedaan wat niet mag. Hoe ga jij daar mee om? Tien minuten op de gang? Vijf minuten op het strafmatje? Of ben je helemaal niet zo streng? Mail ons in zo'n 50 woorden (in het Fries of in het Nederlands) hoe jij je kind de baas blijft. De leukste, mooiste, uniekste en beste insturingen worden in het volgende Heit en Mem tijdschrift geplaatst. Het mag natuurlijk ook anoniem.
   
  Mem en sport
In mem is fansels mear as in mem allinne! Bisto mem en bisto in fanatyk sporter? Stjoer dan in foto fan dysels en in koart ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl. Wa wit komsto dan yn dyn sportoutfit op de foto yn it tydskrift Heit en Mem!








Omheech

Reacties op dit artikel:
Ida:
Ik haw 3 dochters van 13, 10 en 2. Doe't myn âldsten noch lyts wienen en net lústerje woenen, dan sette ik se altyd in skoftsje op 'e gong en oft dat net holp stjoerde ik se nei boppe ta op bêd. By myn neikommerke fan 2 hoech ik lokkich noch net folle maatregels te nimmen. Mar oft se dan in kear ferfelend is, set ik har in skoftsje op 'e bank en ta myn fernuvering bliuwt se dan noch sitten ek lûkt se in treurich snútsje. Dat begruttet my dan sa en kin ik har wol opfrette!
Op 12-03-2010 om 13:14 uur.
 
Zelf reageren:
Naam
E-mailadres


Oer it tydskrift Heit en Mem
It tydskrift Heit en Mem is in twatalich tydskrift bedoeld foar alle heiten en memmen yn Fryslân mei bern fan 0 oant 12 jier. Heit en Mem is in inisjatyf fan de Afûk en wurdt finansjeel stipe troch de provinsje Fryslân. It tydskrift en de website heitenmem.nl folje elkoar oan.
Lês fierder... >

  
Fergees!
It Heit en Mem tydskrift is fan 30 augustus ôf te krijen yn hiel Fryslân.  Sjoch hjir foar de list mei ôfhel-adressen. Wennest net yn Fryslân? Nim dan in abonnemint!
Gemiddeld stiet in man sa'n 3350 oeren fan syn libben skearend foar de spegel.
Lêste reaksjes op artikels

Bernepraatsjes
Wij ha 26 july us 3e dochter kriggen en at we oan it iten binne (2e dei) seit Maaike (krekt 6) As se lês fierder >

De befalling fan Louise
Hoi! Wat mooi; een gezonde zoon! Prachtig hoor! Geniet er maar lekker van. Groetjes, Lydia Fo lês fierder >

Dizze webside is in inisjatyf fan de Afûk en is mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.