Wêr binne jo:  5-12 jier  | Sûnens  | Heechsensitive bern   Wat sykje op Heit en Mem?
 
Heechsensitive bern
We sjogge de dingen net sa’t se binne, we sjogge de dingen sa’t wy sels binne.

Baukje Mulder-Postma en Marike Gunnink-Kok hawwe yn april 2009 harren Master SEN Gedrachsspesjalist helle yn Drachten. Harren ôfstudearskripsje giet oer heechsensitiviteit yn it basisûnderwiis. Marike is learkrêft yn de ûnderbou. Baukje wurket sûnt fiif jier as ynterne begelieder op in basisskoalle en dêrfoar wie se ek learkrêft yn de ûnderbou. Marike fertelt: ‘15 tot 20% van de mensheid is hoogsensitief. De laatste tijd komt dit onderwerp meer in de belangstelling. Mensen worden zich ervan bewust dat ze zelf hoogsensitief zijn of dat ze een hoogsensitief kind hebben. Het is beslist geen stoornis, maar een temperament.


Uit onderzoek is gebleken dat bij hoogsensitieve mensen de rechterhersenhelft beter doorbloed is, wat aangeeft dat die helft meer gebruikt wordt. Hoogsensitieve mensen voelen, zien, horen en proeven meer dan anderen en voelen dingen daardoor dieper. De intuïtie is bij deze mensen vaak beter ontwikkeld. Prikkels dringen bij hen dieper door, waardoor ze meer tijd nodig hebben om deze prikkels te verwerken. Er komt als het ware te veel informatie binnen. Het hoogsensitieve kind heeft moeite om al die binnenkomende informatie te ordenen, wat zich kan uiten in huilbuien, angsten, onderpresteren of driftbuien.’

Baukje follet oan: ‘Sjochst by dieren dy’t yn groepen libje ek dat der altyd guon binne dy’t mear sjogge, hearre of fiele as de oaren. Dat binne yn wêzen de warskôgers fan de groep by gefaar. By minsken is it krekt sa. Heechsensitive minsken binne eins de warskôgers fan ús hektyske maatskippij. It doel fan ús ûndersyk wie it finen fan mooglikheden om learkrêften yn it basisûnderwiis te helpen om it heechsensitive bern te sjen, dêrmei om te gean en om har kennis oangeande heechsensitiviteit út te wreidzjen.’

Neffens in ûndersyk fan it lanlik ynformaasjepunt foar heechsensitive bern, it LiHsk, binne de kenmerken fan heechsensitive bern yn fjouwer kategoryen te ferpartsjen: lichaamlik (it fysike lichem, ynklusyf de sintugen), emosjoneel (gefoelens, omgong mei oaren), mentaal (tinke, leare, ynformaasjeferwurking) en spiritueel (besef fan sinjouwing en ienheid). Heechsensitive bern sjogge in soad en hawwe in skerp each foar lytse feroarings. Se fiele stimmings en emoasjes fan oaren goed oan, ha faak in goed geheugen, in grutte wurdskat en in goed gefoel foar taal. Faak folgje se de eigen wei en hechtsje se sterk oan de wierheid. It komt ek geregeld by heechgefoelige bern foar dat se paranormale ûnderfinings hawwe.’

Marike: ‘Je ziet vaak dat hoogsensitieve kinderen zich terugtrekken van de groep. Soms wordt zo’n kind ten onrechte bestempeld als iemand met een stoornis in het autistisch spectrum. Het tegenovergestelde komt ook voor: dat ze heel druk zijn. Dan wordt er al gauw het stempel ADHD op gedrukt, wat dus ook vaak ten onrechte is. Soms krijgen kinderen medicijnen voor een stoornis die ze helemaal niet hebben. Tips voor de leerkracht zijn: respect tonen, interesse tonen en goed luisteren, uitnodigende vragen stellen om de oorzaak van angst, woede of verdriet te achterhalen, begrip tonen, de situatie samenvatten en/of uitleggen, structuur bieden en grenzen stellen. Het kind weet zelf wat het nodig heeft om te kalmeren of weer tot zichzelf te komen.’

‘Heechsensitive bern binne fisueel-rûmtlik ynsteld: se libje en tinke yn bylden’, seit Baukje. ‘Dêrom is it goed dat de learkrêft in kombinaasje makket tusken in wurd en in ôfbylding. By rekkenjen kin dat in stroffelstien wêze, om’t yn de rekkenmetoades by de sommen faak plaatsjes setten wurde dêr’t de bern fan alles by assosjearje kinne.
Ek is it in goed ding om de bern te freegjen nei ûnderfinings en belibbing. Dêrom sprekt belibjend lêzen mear oan as begripend lêzen.
Wy wolle skielk graach in boek útjaan oer heechsensitiviteit, rjochte op learkrêften yn it basisûnderwiis. Wy hoopje dat we op dizze wize de doar iepensette kinne nei mear begryp en help foar heechsensitive bern.’

Ut Heit en Mem nr.1 2010
Troch Hedwig Terpstra

Email adres Baukje Mulder Postma: baukjemp@gmail.com

Links:
www.steunpunthoogsensitiviteit.nl (Ljouwert)
www.vereniginghooggevoelig.nl

Binne jo of is jo bern ek heechsensityf? Of wolle jo graach reagearje op dit artikel?
Reagearje dan hjirûnder.


Omheech

Reacties op dit artikel:
Ilse:
ik bin sels heechsensityf, dat is net altiid maklik, ik tink alles yn bylden. Kin my hielendal yn dingen ynlibje. Rekkenjen ha ik inderdaad noait goed kint omdat ik hiele oare associaties hie. No wit ik wer 't fan komt! At ik ien in route útlizze moat sjoch ik de hiele wei oant it detail foar my, lang ha ik tocht dat iederien sa wie mar dat skynt net sa te wezen! No bin ik hiel beneid at ien fan myn bern dat ek ha sil, ik háld it wol yn'e gaten want in bytsje begelieding is dan wol hiel noflik foar in heechsensitive bern! Ik sjoch út nei it boek!
Op 19-03-2010 om 19:57 uur.
 
regina:
Us soan (8) is neffens my ek heechsensityf. Hy is gefoelich foar lûden en geuren. Hy rûkt alles! Ek is hy in hiel gefoelich jonkje.
Op 15-03-2010 om 11:16 uur.
 
Zelf reageren:
Naam
E-mailadres


Pake, fertel!
Hoe seach pake syn keammerke der eartiids út? Wa wie pake syn earste freondinne en wat makket pake gelokkich? In boekje fol fragen foar pake en in moai oantinken foar de pakesizzers.
Besjoch it boekje >

De jeugdfûgelwacht
In blaumieske (pimpelmees) is lytser as in blokfink (koolmees) en in spjocht brûkt syn sturt om op te leunen. De jeugdleden fan Fûgelwacht De Zwaluwwand op It Hearrenfean komme hiel wat te witten op in kuiertocht troch natuerreservaat it Ketliker Skar. De Jeugdfûgelwacht is populêr, net allinne op It Hearrenfean, mar troch de hiele provinsje.
Lês fierder >

  
Fergees!
It Heit en Mem tydskrift is fan 30 augustus ôf te krijen yn hiel Fryslân.  Sjoch hjir foar de list mei ôfhel-adressen. Wennest net yn Fryslân? Nim dan in abonnemint!
De populêrste Fryske jongesnammen yn 2009 wienen û.o. Jesse, Thymen, Jens, Jelle en Sander.
Lêste reaksjes op artikels

Bernepraatsjes
Wij ha 26 july us 3e dochter kriggen en at we oan it iten binne (2e dei) seit Maaike (krekt 6) As se lês fierder >

De befalling fan Louise
Hoi! Wat mooi; een gezonde zoon! Prachtig hoor! Geniet er maar lekker van. Groetjes, Lydia Fo lês fierder >

Dizze webside is in inisjatyf fan de Afûk en is mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.