Wêr binne jo:  Heit en Mem  | Bern grut bringe  | In lyts drama   Wat sykje op Heit en Mem?
 
In lyts drama
Yn memoriam Janneke
Us knyn is dea.
Wy ha him begroeven yn in kistje yn de tún. Nee, hár. We witte hast seker dat it in ‘sy’ wie, en boppedat hjitte se Janneke. Myn dochter hie de namme betocht, trije jier lyn. De jonges fûnen ‘Rambo’ moaier, myn man koe neat betters betinke as Earste of Twadde Krystdei, mar ik ha falskspile mei it lotsjen en liet myn dochter winne.
“Mar in flink ein under de grûn,” sei buorfrou. Meastal wurde kninen opiten om Krysttiid hinne, mar uzes like de Heare Jezus sels wol, sa moai lei se der by yn har krêbke mei strie. It wie ek in prachtich knyntsje, donkerbrún, mei in wyt halske en koarte earkes, krekt wat grutter as in dwerchknyn. Sa nuet wie se net, as de bern besochten har te aaien koene se samar in feninige gnau krije. Ik wie de iennichste dy´t har oppakke mocht. By my siet se dan op ´e skurte, op it bankje yn de sinne. As ik har oer de rêch streake en achter de fluwielen earkes, knypte se har eachjes ticht fan hearlikheid. Se wist fansels ek dat se fan my altyd in dikke bak foer krige. Eins wie dat nergens foar nedich, want Janneke rûn altyd los yn de achtertún en fûn har fretten sels wol. Gers, mar leaver noch de bledsjes fan de akkelei of de friswite fioeltsjes. As Janneke omheech by de blompot op stie, as se har hielendal útstrekte en har sa lang mooglik makke, wol tritich sentimeter fan de achterpoatsjes oant it snútsje ta, dan koe se krekt de blommen snippe.  Dat seach der sa skattich út fûnen wy allegear, dat wy seine der neat fan.
Se lústere trouwens ek net goed. Se groef gatten, oft dat no krekt tusken myn blommen wie, dat koe har neat skele. Ek dat seach der sa leaf út, as de grûn achter har omheech spatte, mei dat lytse sturtsje it alderskattichst. Of as se lekker yn it sintsje tsjin de klimop oan lei. Of as se, gesellich tusken de mosken yn, de krommels fan de tegels opsocht (wy diene altyd ekstra hagelslach op´e bôle sadat der flink wat op it tafelkleed rûgele. “Foar Janneke!”)

Doe´t we juster de fytsen pakten om nei skoalle te gean kaam Janneke net oanhippen. We ûntdutsen har, stiif achteryn har stjelp. Dêr´t se sa yn en út rinne koe, in feilich sliepplakje ûnder it gaas, tsjin katten en eksters. Mar no lei se dêr samar dea. Myn dochter begûn te skriemen. “Nou is mijn eerste huisdier dood!” En doe stie myn soan ek yn triennen. Ik krûpte se even oan. “We gaan allemaal een keer dood.” Ik bedoelde it as treast, mar it holp net echt, se gûlden noch hurder. Warskynlik is Janneke deagien oan in hertoanfal, betocht ik doe. Of gewoan fan âlderdom. Dat fûnen se al akseptabeler. Hoe âld oft ús knyn wie wisten we ommers net. Se kaam op in dei oanrinnen út de bosken fan Bakkefean. Wisten wy folle wat se dêr allegear al meimakke hie. Noch snokkerjend giene de bern nei skoalle.
It like my goed foar it rouproses as wy middeis meiinoar de knyn bedobje soene, yn in gat yn de tún. Mar se kamen allebeide fleurich thús mei dat se mei dy-en-dy boartsje woene.
It grutste fertriet wie al oer. Myn dochter hold harsels foar dat Janneke by libben echt net altyd like leaf west hie, want se hie har ommers wol trije kear biten. En myn soan wist seker dat Janneke leaver begroeven as kremeard wurde woe; se mocht dochs altyd sa graach yn´e tún om wrotte. Mar hy woe der leaver net by wêze.
Dus ik stie middeis allinnich te dollen ûnder de pergola, krekt foardat it tsjuster waard, en it begraffenisritueel ha ´k allinnich belibbe. It kistje, it strie, it knyntsje op´e side, it swarte each wiid iepen sûnder dat it my oanseach. Doe´t it grêf klear wie bin ik noch even sitten gien, mei it kistje op ´e skoat. It lyfke fielde kâld oan mar de earkes wiene noch altyd sa sêft, krekt fluwiel.
De krêbe foarsichtich deryn, in flinke bats strie deroerhinne en dan de grûn. In nije pot lekkere winterfioeltsjes der boppe op. Har bakje mei kninefoer set ik der ek del.

De oare moarns binne it allegear moskjes. 

Ut: Heit en Mem nr. 1 2010
Troch: Karen Bies



Omheech

Reacties op dit artikel:
sieta:
Wyy hewwe noch wol een neie knien foar jimme! Een prachtig wiet
Op 04-03-2010 om 16:44 uur.
 
Zelf reageren:
Naam
E-mailadres


Hop Hop Hynke
Bewegingsferskes, knibbeldeuntsjes, rymkes oer bisten of rymkes foar it sliepen gean. Yn dit boekje fine jo in samling fan nostalgyske en moderne bernerymkes om mei jo (berns)bern fan te genietsjen.
Besjoch it boekje >

De jeugdfûgelwacht
In blaumieske (pimpelmees) is lytser as in blokfink (koolmees) en in spjocht brûkt syn sturt om op te leunen. De jeugdleden fan Fûgelwacht De Zwaluwwand op It Hearrenfean komme hiel wat te witten op in kuiertocht troch natuerreservaat it Ketliker Skar. De Jeugdfûgelwacht is populêr, net allinne op It Hearrenfean, mar troch de hiele provinsje.
Lês fierder >

Foarlêstips
Elts jier yn juny ha we yn Fryslân it Fertel en Foarlêsfestival. Mar hoe kinsto no in ferhaal spannend fertelle?
Hjir in oantal handige tips!

  
Fergees!
It Heit en Mem tydskrift is fan 30 augustus ôf te krijen yn hiel Fryslân.  Sjoch hjir foar de list mei ôfhel-adressen. Wennest net yn Fryslân? Nim dan in abonnemint!
Het Fries is beter bij kinderen die op een drietalige school zitten dan bij kinderen die niet drietalig onderwijs krijgen.
Lêste reaksjes op artikels

Bernepraatsjes
Wij ha 26 july us 3e dochter kriggen en at we oan it iten binne (2e dei) seit Maaike (krekt 6) As se lês fierder >

De befalling fan Louise
Hoi! Wat mooi; een gezonde zoon! Prachtig hoor! Geniet er maar lekker van. Groetjes, Lydia Fo lês fierder >

Dizze webside is in inisjatyf fan de Afûk en is mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.