Wêr binne jo:  5-12 jier  | Frije tiid  | Reedride!   Wat sykje op Heit en Mem?
 
Reedride!
Met vallen en opstaan...
Stiet dyn bern dit jier foar it earst op it iis? Stjoer dan in moaie foto fan jim bern nei ynfo@heitenmem.nl
De foto's sette wy hjirûnder op de website.
------------

In oantal reedriders yn Thialf oan it wurd:

Goeie basis
“Foaral hurd gean en glydzjen is moai”, glimket Tara (6). Tara riidt noch mei dûbele izers, mar thús hat se al ‘echte’ lizzen.
Tara hat reedrydles op tongersdeis, mar woansdeitemidjes as se frij fan skoalle is, kin se moai foar harsels oefenje. Jeltje Boekema – mem fan Tara – fynt it belangryk; “Bern leare it riden tsjintwurdich net mear. Júst om’t der net mear sa faak as froeger bûtenút riden wurde kin. Troch hjir te oefenjen leist alfêst in goeie basis foar it gefal dat. Boppedat, wy wenje oan it wetter dat mocht it safier komme, kin Tara achterhûs al opstappe.”
Jeltje Joekema en Alef Vonk âlden fan Tara (6 jier)



Jong leren doorzetten
Sport hat der by de famylje Miedema altyd wol ynsitten, fertelt heit. Reedriden is foar harren dan ek net de ienigste sport. Mark (6): “Ik heb eigenlijk nog een hobby, voetbal.”
De famylje Miedema stiet mei heit en mem en trije bern op it iis. Heit hat hjoed spesjaal frijnommen: “Juist omdat er tegenwoordig minder geschaatst kan worden, is het belangrijk om zodra het even winter is de baan op te gaan. Het liefst staan we iedere week met de hele familie op het ijs, het is gezellig en je leert ze zo al op jonge leeftijd wat doorzetten is. Het is eigenlijk net als leren fietsen, het hoort er bij.”
Age en Ingrid Miedema, âlden fan Julia (22), Ruben (11) en Mark (6)


Hyper as se thúskomme
Jildou (9) sil nije wike tegearre mei har neefke op reedriidkamp yn Deventer dat dit is de ideale gelegenheid om alfêst te wennen oan it iis. Hoewolt heit hielendal gjin sporterman is, binne beide bern hiel aktyf. ““It ûntbrekt mysels oan tiid om oan sport te dwaan. Mar de beide fammen turne, spylje kuorbal, en reedride út en troch. En se fine it allebeide geweldich. As se thúskomme binne se hielendal hyper. Dan tinkst wol ris, wêr helje se nei sa’n midje de enerzjy noch wei?”
Ale Jan Pijlman, heit fan Jildou (9) en Femke (7)



Reedriden is ien fan 'e weinige famyljesporten
“Wy binne fan hûs út echte riders en fine it belangryk om it de bern ek mei te jaan.” De famylje Horjus is in echte ridersfamylje. It folgjen fan ‘e profploegen op tillevzje heart dêr fansels ek by. “Dat is by ús thús suver like gesellich as hjir mei syn allen op it iis stean. De hele famylje sjocht mei.”
Benammen it famylje-aspekt is foar de famylje Horjus belangryk. “It is ien fan ‘e weinige sporten dy’tst mei de hele famylje dwaan kinst. Wy binne sa ien kear yn ‘e wike gauris mear as twa oeren op it iis te finen. Bûten dat it gesellich is, kin elk it op syn of har eigen nivo dwaan.” Janna (7) folt oan: “Heit sjogge wy hast de hele midje net, dy is op ‘e grutte baan.”
Fam. Horjus, heit & mem, Geertsje (13), Johan (11) en Janna (7)


Stiet dyn bern dit jier foar it earst op it iis? Stjoer dan in moaie foto fan jim bern nei ynfo@heitenmem.nl
De foto's sette wy hjirûnder op de website.



Omheech

Reacties op dit artikel:
maaike:
leuk thema! En wat is der mei dit waar no leuker as lytse bern foar it earst op redens te sjen.
Op 16-02-2010 om 14:18 uur.
 
S. de Jong:
Leuke foto's! Ik bin sels net sa'n reedrider. Al ha ik it froeger wol in protte dien, mar dat wie dan ek mear om't it moast fan ús mem. At der iis lei, moasten wy der gebrûk fan meitsje ek...
Op 05-02-2010 om 8:47 uur.
 
Zelf reageren:
Naam
E-mailadres


Mensendieck foar bern
Lieke stroffelet gauris. Thys lit in protte út de hannen falle. Hylke slingeret sa mei syn hannen en fuotten. Baby Jens sjocht mar ien kant út. Anna hat swierrichheden by gym. Reinder syn hânskrift bliuwt mar sloardich...
Lês fierder >

Faalangst
Is faalangst een probleem van deze tijd? Het lijkt er wel op. Al op jonge leeftijd moeten kinderen prestaties leveren en laten zien wat ze kunnen. Niet alle kinderen zijn bestand tegen die druk. Zij denken dat ze niet aan de eisen kunnen voldoen en worden bang om fouten te maken. Psychologe Carolijn de Beij uit De Wilgen schreef een boekje over faalangst: Ik kan het niet.
Lees verder... >

  
Fergees!
It Heit en Mem tydskrift is fan 30 augustus ôf te krijen yn hiel Fryslân.  Sjoch hjir foar de list mei ôfhel-adressen. Wennest net yn Fryslân? Nim dan in abonnemint!
Het Fries is beter bij kinderen die op een drietalige school zitten dan bij kinderen die niet drietalig onderwijs krijgen.
Lêste reaksjes op artikels

Bernepraatsjes
Wij ha 26 july us 3e dochter kriggen en at we oan it iten binne (2e dei) seit Maaike (krekt 6) As se lês fierder >

De befalling fan Louise
Hoi! Wat mooi; een gezonde zoon! Prachtig hoor! Geniet er maar lekker van. Groetjes, Lydia Fo lês fierder >

Dizze webside is in inisjatyf fan de Afûk en is mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.