Wannear bist befallen?Ik bin op 09.12.09, op in woansdeitemoarn befallen fan ús soan Simme Koop. Dat wie 1 wike en 5 dagen nei de útrekkene datum.
Wêr bist befallen? Yn it sikehús fan Drachten, Nij Smellinghe.
Hoe gong de befalling? Sa as ik al in bytsje ferwachte hie. Ik moast tiisdei 8 desimber wer foar kontrôle nei it sikehûs. En om’t ik my al in pear dagen net sa goed fielde, hie ik myn ynpakte tas (foar it gefal dat ik bliuwe moast), dochs mar meinommen. En yndie bliek nei in pear minuten oan it CTG apparaat, dat de hertslach fan de poppe net goed wie. De gynekolooch besleat my dan ek gelyk yn te lieden. Yn earste ynstânsje liek it wol goed te gean. De widze waard klear makke en de babykleantsjes waarden alfêst klear lein. It soe net lang mear duorje...
Doe’t ik einlings safier wie, bliek de poppe noch net draaid te wêzen. Simme lei nammentlik mei syn gesichtsje omheech, in saneamd ‘sterrekijkertje’. Nei in oere parsen, waard in oare gynekolooch belle en dy kaam nei in kertier oan. Se seach al gau dat it berntsje net op in natuerlike wize berne wurde koe en besleat it berntsje komme te litten mei help fan in fakuümpomp.
Spitigernôch wurke dat ek net. De pomp skeat hieltyd los fan Simme syn holtsje. Nei fjouwer kear in mislearre fakuümstraksje, waard ik klearmakke foar de OK foar in keizersneed.
Nei goed 9 oeren waard Simme berne. Spitigernôch ha Aalzen en ik de berte net mei meitsje kinnen. Ik lei ûnder narkoaze en Aalzen waard net talitten yn de OK. Simme kaam earst wat dreech op gong, mar nei 5 minuten luts hy hielendal by. Hy moast trije dagen yn ferbân mei holleletsel yn de kûveuze en krige út foarsoarch antybioatika yn ferbân mei eventuele besmetting fan de GBS-baktearje.
In oere nei de berte kaam ik by en seach foar it earst op de kûveuze-ôfdieling myn soan. Ik kriich him yn myn earms en liet him drinke út myn boarst. Dat wie wier in hiel bysûnder momint.
Hoe fielst dy no?Ik ha in protte lêst hân fan de keizersneed. Dat waard mar hiel stadich better, mar yn de rin fan de tiid knapte ik wer op. Oant 6 wike nei de berte mocht ik net autoride en gjin aktive dingen dwaan.
Hoe is de baby?Mei Simme giet it wûnderbaarlik goed. Syn holtsje is goed genêzen. Yn it sikehûs ha se noch wol in echo makke fan syn holtsje. Gelokkich liek dat goed yn oarder. Ek mei de boarstfieding giet it super, hy groeit goed.
Hoe gong it mei de kreamhelp?Wy hienen in hiele leave soarchsume frou as kreamhelp. It klikte gelyk en ik ha in hiel soad fan har leare kinnen. Ik fûn it hiel spitich dat se wer fuort gong.
Wêrom de namme Simme Koop?Wy ha wat sykje moatten, om in goeie namme te finen. Oer in famkesnamme wienen wy it gelyk iens, mar foar in jonge ha wy echt in skoft socht. Graach woenen wy de twadde namme ferneame nei de pake (heit fan Aalzen). Syn namme is Koop, dus de 1e namme moast wol passe by de namme Koop. Dat wie dus in hiele klus, oant wy op heitenmem.nl kamen en wy Simme yn de list seagen.
Hoe gie it mei it ritme?Simme is no 5 wike âld. Ik ha op dit momint noch net echt in ritme yn it fieden. Meastal is dat om de trije oeren, want ik jou Simme fieding op fraach, dus wannear’t hy honger hat.
Omheech
Reacties op dit artikel:
Leonie: Lieve Marjanne,
als assistente van de gynaecologen waar jij voor controle kwam leefden we erg mee met de niet zo voorspoedige zwangerschap. We hadden jou dan ook een makkelijke bevalling gegund! Toen bleek dan dat niet zo was vonden we dat heel erg spijtig. Hopelijk heb je het allemaal een plekje kunnen geven en kunnen jullie heerlijk genieten van jullie prachtige zoon!
Groetjes van Leonie,
moeder van Lotte (9), Karst(7) en Job (2). Op 25-02-2010 om 21:30 uur. |
| |
Mien!: Bist in Topperke Marjanna!
En Simme ek!!
Leafs... Op 01-02-2010 om 11:22 uur. |
| |
Cileke: Wat in leuke namme; Senne! Op 28-01-2010 om 14:13 uur. |
| |